Undersyk nei dea finzene

07 nov 2003 - 00:00

In detinearre fan finzenis De Marwei yn Ljouwert is dizze wike stoarn. De man, dy't swier sûkerpasjint wie, waard sneon oerbrocht nei it Penitentiair Sikehûs yn Scheveningen, om't er bot achterútgien wie. Yn dat sikehûs is er tiisdei stoarn.

De Ryksresjersje stelt in ûndersyk yn. Neffens direkteur De Jong fan De Marwei komme natuerlike stjertes yn finzenissen hast net foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)