Tredde Keamer krijt gruttere rol

© Omrop Fryslân
De Tredde Keamer krijt in grutte rol by besluten fan it ministearje fan ûntwikkelingsgearwurking. Tasein is dat de útstellen fan de Tredde Keamer krekt sa behannele wurde as dy fan it parlemint, de Twadde Keamer.
De Tredde Keamer bestiet noch net sa lang en moat it ministearje advisearje oer bygelyks earmoedebestriding. Yn de Tredde Keamer sitte 150 frijwilligers, wêrûnder fiif Friezen.