Spot Dantuma fan it skerm

06 nov 2003 - 00:00

Dantuma Medische Speciaalzaken yn Ljouwert hellet har reklamespot wêryn in man hast ûnder de trein komt, fan it skerm. 20 oktober waard in man (21) út Koatstertille skept troch in trein fan Noordned. Dyselde jûn wie de spot fan Dantuma te sjen by Omrop Fryslân.

De spot is yn de rin fan de jûn út de programmearring helle. Noordned is lilk dat har trein yn de spot te sjen is. It ferfiersbedriuw oerwaget noch stappen tsjin sawol Dantuma as Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)