'Skip net langer lizze litte'

© Omrop Fryslân
It is fierstente gefaarlik om it skip de Assi Eurolink noch in winter lang yn de Noardsee lizze te litten. Dat fynt de Waadferiening. Dy hat dat ek oan de politike partijen yn Den Haach wite litten. De Assi Eurolink sonk begjin dit jier 70 km boppe Skylge.
It ministearje fan Ferkear en Wettersteat wol it skip takom jier fersinke litte. De Waadferiening fynt it net goed om sa lang te wachtsjen, om't it winters ûnrêstich is op see.