Feiling wurk Jopie Huisman

06 nov 2003 - 00:00

As je graach in echte Jopie Huisman oan de muorre ha wolle, moatte je nei it feilinghûs De Vluchtheuvel yn Drintse Norg. Dêr komme oer oardel wike in tekening en in akwarel fan Jopie Huisman ûnder de hammer.

De feiling is bysûnder omdat der net sa faak wurk fan de ferneamde Fryske skilder te keap oanbean wurdt. Huisman ferkocht sels ek hast nea wat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)