Noch gjin earste peal yn Makkum

06 nov 2003 - 00:00

Yn Makkum is woansdei de bou fan in sechstjintal nije wenten offisjeel fan start gien. De Alde Nijbuert wurdt alhiel opknapt en der wurde ek hûndert wenten renovearre. De earste peal foar de huzen waard noch net slein, want der soe noch in bom út 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e grûn lizze. Undersyk moat dizze wike útwize oft dat ek sa is. Yn Ljouwert wie in selde soart gefal, mar dy bom is nea fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)