Grut noardlik sûnensûndersyk

05 nov 2003 - 00:00

Yn it Noarden komt in grut ûndersyk nei de sûnens fan minsken. Ryksuniversiteit Grins en it Akademysk Sikehûs dêr wolle 30 jier lang de gegevens fan 150.000 minsken yn de kompjûter sette.

Mei dy databank kin sjoen wurde hoe't syktes ûntstean, wat de bêste behannel- metoades binne en wat dien wurde kin om syktes foar te kommen. Fryslân, Drinte en Grinslân hawwe 120.000 euro útlutsen foar it projekt, dat twa jier duorje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)