Revolver fûn op Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
In âlde revolver, mooglik út de Twadde Wrâldoarloch, is fûn op Skiermûntseach. It wapen waard fûn by graafwurksumheden op de Langestreek en Om 'e Noard. De revolver lei op 25 sintimeter djipte en hat it kaliber 7,6.
Omdat it om in silinder-revolver giet, sitte der mooglik noch kûgels yn. It wapen is nei de plysje brocht. Dy sil útsykje om wat foar type it giet.