Mear asylsikers opfongen

© Omrop Fryslân
Gemeenten yn Fryslân fange mear asyl- sikers mei in ferbliuwsfergunning op as offisjeel moat fan it ryk. Gemeenten krije twa kear yn it jier fan it ryk opdroegen hoefolle asylsikers mei in tydlike status se opfange moatte. De provinsje hâldt yn de gaten oft de gemeenten dat oantal ek helje.
Neffens de lêste sifers wurde der mear asylsikers opfongen as hoecht. Acht gemeenten fange te min op. De provinsje sil har op har plicht wize.