Provinsje stipet helpferlieners

05 nov 2003 - 00:00

De provinsje jout 10.000 euro subsydzje foar in ûndersyk nei de útwikseling fan persoansgegevens troch helpferlieners. It giet om de gegevens fan minsken dy't meardere problemen tagelyk ha. Sy binne bygelyks ferslaafd en tagelyk dakleas.

As helpferlieningsynstânsjes op meardere fronten help biede wolle, rinne se faak tsjin de wet op de privacy oan. De helpynstânsjes wolle no útsykje hoe dêr mei om te gean en krije dêr no dus provinsjale stipe foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)