CDA wol Tankdei frijhâlde

05 nov 2003 - 00:00

De provinsje moat gjin publyks- byienkomsten organisearje op tsjerklike of oare feest- of betinkingsdagen. Dat skriuwt de steatefraksje fan it CDA oan Deputearre Steaten.

It CDA doelt dêrby op de gearkomste dy't woansdei pland stiet yn Westergeast. Dêr is in harksitting oer de oanpak fan de ferkearsfeiligens op de Stroobossertrekwei. It CDA fynt dat dat net kin op dy jûn om't it dan Tankdei foar gewaaks en arbeid is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)