Eigner Trebol lilk op Harns

© Omrop Fryslân
Treboleigner Gerstel is lilk op 'e gemeente Harns, dy't seit dat er fierste folle jild freget foar de ferhier fan it sealesintrum. De Harnzer ferienings wurde sa it kulturele sintrum útjage, fynt de gemeente. Gerstel begrypt net wêrom't de gemeente him op in minne namme set.
Fjouwer ferienings hawwe in oar ûnderkommen socht, om't Trebol te djoer wie. Yn guon gefallen gie de hier mei 300% omheech.