Goedemoed net skrast as KNDB-lid

04 nov 2003 - 00:00

Topdammer Tjalling Goedemoed út Ljouwert wurdt net út 'e Koninklike Nederlandse Dambond set. Dat is it útkomst fan in oerlis fan moandeitejûn. De Fryske kampioen fan 1991 en 2001 soe neffens it dambûn yn in dam-chatbox in oare spiler misledige hawwe.

Goedemoad wurdt net rojearre, mar de kwesje wurdt foarlein oan de tuchtkommisje fan it dambûn. Dat betsjut dat er foarearst wer gewoan oan damwedstriden meidwaan kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)