Gemeente ûnder kuratele

04 nov 2003 - 00:00

Frjentsjerteradiel komt ûnder kuratele by de provinsje. De gemeente libbet op te grutte foet en moat jierliks twa miljoen euro besunigje. Deputearre Ploeg dielt syn beslút begjin desimber offisjeel mei. Dan moat de gemeente begruttingswizigings earst oan de provinsje foarlizze. Komt it net goed, dan wurdt de gemeente mooglik in artikel-12-gemeente. Alle jildsaken moatte dan yn oerlis mei de provinsje dien wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)