Heineken-kidnap-tour
Sjerp Jaarsma fan Balk begjint dizze wike mei in Heineken-kidnap-bustoer yn Amsterdam. De bus rydt alle plakjes del, dy't in rol spile hawwe by de ûntfiering fan topman Freddy Heineken en syn sjauffeur Ab Doderer. Dat wie 20 jier ferlyn.
De bustocht duorret 2,5 oere en is no sneon foar it earst te dwaan. Jaarsma is al twintich jier yn de besnijing is fan de Heineken-ûntfiering.