Ljouwerter dammer royeard as lid

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter topdammer Tjalling Goedemoed is royeard as lid fan de KNDB. It dambûn soe him steurd hawwe oan in e-mail fan Goedemoed op in Dam Chatbox. Goedemoed hie him dêr skerp útlitten oer in kollegadammer.
Dy kollega hie bepaalde skerpe opmerkings fan Goedemoed oer saken yn de damwrâld trochspile oan it dambestjoer. Goedemoed betitele dat as NSB-gedrach. Troch it royemint mei Goedemoed net mear wedstriden spylje.