Toptiden Ljouwerter feemerk

03 nov 2003 - 00:00

De feemerk yn Ljouwert belibbet toptiden. Foar it earst sûnt de tongblierkrisis fan 2001 binne ferline wike mear as 700 kij oanfierd op de feemerk yn it FEC.

In pear moanne ferlyn kaam dat oantal mar krekt op de helte dêrfan. Ien fan de redenen fan dy grutte oanfier is dat de boeren it op it stuit te djoer fine om molkkwotum by te keapjen. Yn stee dêrfan ferkeapje se leaver in pear kij om op it besteande kwotum te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)