Keunstwurk Mûnein komt der

03 nov 2003 - 00:00

It keunstwurk yn de Swarte Broek by Mûnein komt der. Ek al binne de ynwenners der op tsjin. Neffens de gemeente binne bewenners it hast noait iens mei sokke plannen en is al fêstlein dat it projekt der komme moat.

It keunstwurk fan seis meter bestiet út acht op elkoar steapele kubussen. It komt midden yn in natuergebiet. Neffens Doarpsbelang fine hast alle ynwenners dat it keunstwurk der net past. Op 13 novimber wurdt in beslút nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)