Spoelstra net mear by Keaphannel

03 nov 2003 - 00:00

Direkteur Spoelstra fan Prins yn Dokkum is net langer lid fan it Algemien Bestjoer fan de Keamer fan Keaphannel. Hy leit ek syn wurk as foarsitter del. De reden hat te krijen mei de sitewaasje by it metaalfabryk Prins.

It bedriuw sit yn swier waar en moast 90 fan de 240 minsken dien jaan. Spoelstra is drok mei in grutte reorganisaasje. Syn plak yn it bestjoer fan de Keamer fan Keaphannel wurdt ynnaam troch fice-foarsitter Siebers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)