Nije berne-opfang yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De Stifting Kinderopvang NoordwestFriesland is sûnt koart ek aktyf yn Ljouwert. De stifting wurket mei in saneamde franchise-formule. De útbater fan de berne-opfang is yn dy opset eigen baas. De ûndernimmer kin wol weromfalle op de Stifing foar bygelyks administrative stipe en publisiteit.
It earste opfangadres yn Ljouwert dat neffens dizze formule wurket sit yn de Vosseparkwijk. It wurdt woansdei iepene.