Herre Zonderland wurdt fyfde

© Omrop Fryslân
Turner Herre Zonderland fan de Lemmer is fyfde wurde by de seiskamp fan de Yorkshire Open yn Ingelân. Hy helle yn totaal 47,45 punten mei syn oefeningen. Der sieten eksperimintele eleminten yn, wêrtroch er trije kear neist in tastel kaam te stean.
Jongere broer Epke Zonderland helle njoggen punten oan de rekstok. Hy die fjouwer tastellen, mar hat de ôfsprong net dien fanwege in brutsen middenfuotsbonkje.