Ids Postma tredde op 1500 meter

02 nov 2003 - 00:00

Erben Wennemars hat snein syn twadde titel op it NK ôfstannen wûn. De twafâldich wrâldkampioen wie yn Thialf de rapste op de 1500 meter. Syn tiid fan 1.46,53 betsjutte tagelyk in baanrekord.

Twadde waard Mark Tuitert. Ids Postma fan Dearsum helle it brûns binnen. Ralf van der Rijst waard diskwalifisearre, omdat er Beorn Nijenhuis hindere by de wiksel. Op de 10 km waard Ids Postma fyfde. Jochem Uytdehaage wûn dy ôfstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)