Parkearferbod frachtauto's Snits

© Omrop Fryslân
Frachtauto's meie net mear parkeare yn de beboude kom fan Snits. Dat hat de gemeente besletten. De frachtauto's soene foar tefolle gefaarlike situaasjes soargje. Se ûntnimme minsken faak it sicht op de dyk en dat makket feilich oerstekken hast ûnmooglik.
Oer de frachtauto's wiene in soad klachten binnenkommen. It gie njonken ûnfeiligens ek om lûdsoerlêst. Benammen it starten fan de motoren moarns betiid soarge foar argewaasje.