Aksje tsjin sluting Kealledykje

31 okt 2003 - 00:00

Fêste gasten fan swimbad It Kealledykje yn Ljouwert ha freed aksje fierd tsjin sluting. Freed gie it bad definityf ticht. De gemeente wol it slope. Oer trije jier soe op it plak in nij bad iepen gean moatte.

De aksjefierders ha lykwols gjin betrouwen yn it plan fan de gemeente. De swimmers ha sân jier lang protestearre tsjin de sluting. Se wolle net nei de Blauwe Golf, om't it dêr te drok wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)