Frou skoftke fermist op Skier

31 okt 2003 - 00:00

Op Skiermûntseach is freed mei man en macht socht nei in 40-jierrige frou. Oan de sykaksje diene de plysje, de brânwacht, twa helikopters, de rêdingsmaatskippij en in tal frijwilligers mei.

De frou hearde by in groep fan fjirtich leden fan in natoerklub út de Weerribben, dy't op ekskursje wie. De frou waard op it ein fan de middei wer oantroffen yn de groepsakkomodaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)