Proef: gjin sinten yn supermerk

31 okt 2003 - 00:00

De munten fan 1 en 2 eurosint ferdwine út de kassa fan de supermerk. It giet om in lanlike proef by ferskate supermerken dêr't alle bedragen wer op 5 sint ôfrûne wurde, lykas by de gûne. De detailhannel soe dêrmei 30 miljoen euro besparje.

Kasjêres kinne dan flugger wurkje en ek de kas kin flugger opmakke wurde. Hoefolle supermerken yn Fryslân oan de proef meidogge, is noch net bekend. De munten wurde net hielendal ôfskaft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)