Nij terrein 'Lauwerskwartier'

© Omrop Fryslân
It nije bedriuwsterrein oan beide kanten fan de Skieding by Surhústerfean en de Grinzer Pein komt Lauwerskwartier te hjitten. Dy namme ferwiist nei it rivierke De Lauwers, dat troch Achtkarspelen en de oangrinzende gemeente Gruttegast rint.
Beide gemeenten wurkje gear by de ûntwikkeling fan it bedriuwsterrein. Der wie in priisfraach útskreaun om dêr in namme foar te betinken. Mear as 100 minsken kamen mei in foarstel.