Gjin skeafergoeding Van Booma

31 okt 2003 - 00:00

Eigner Van Booma fan rekreaasjekompleks Schatzenburg by Menaam krijt gjin skeafergoeding fan Menameradiel. Dat hat de gemeenteried tongersdei unanym besletten. Van Booma woe skeafergoeding om't er neffens it bestimmingsplan gjin steankaravans pleatse mei.

Doe't Van Booma Schatzenburg kocht, stiene der noch wol karavans. Pas nei de keap die bliken dat it net goed regele wie. De gemeente sil it bestimmingsplan wol oanpasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)