'Gjin takomst foar doarpssupers'

© Omrop Fryslân
Nij ûndersyk yn Mitselwier befestiget dat der net folle takomst mear is foar doarpssupermerken. Koartlyn hat in wurkgroep yn Mitselwier ûndersocht oft de pleatslike supermerk yn it multyfunksjoneel sintrum komme kin.
It docht bliken dat de kosten dêrfoar te heech oprinne. De útkomsten fan it ûndersyk soene jilde foar in soad lytse doarpen. Konsintraasje fan winkels op in goed berikber plak, soe de oplossing wêze, sa tinkt de wurkgroep.