'Provinsje dielnimmer sintrale'

31 okt 2003 - 00:00

Gemeentebelangen Fryslân wol dat de provinsje dielnimmer wurdt yn de Burgumermarsintrale. Dat nei oanlieding fan eardere útspraken fan deputearre Jan Ploeg. Dy sei dat de enerzjynetwurken publyk besit bliuwe moatte.

As de provinsje dielnimmer wurdt yn de sintrale, kin dy mear grip krije op de enerzjyfoarsjenning yn Fryslân. Dat soe stroomútfal en enerzjytekoarten foarkomme moatte, seit Gemeentebelangen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)