Nije wenfoarmen foar deminten

© Omrop Fryslân
De stichting 'Wonen met dementie' warskôget foar krapte oan wenfoarmen foar demintearjenden. De kommende 35 jier ferdûbelet it tal deminten. No sitte de measten yn in ferpleechhûs, mar de stichting tinkt dat lytsskalige wenfoarmen better binne.
Feroargingshûs Berchhiem sil yn Burgum de wenfoarm útwreidzje. Fierders binne der plannen om yn Surhústerfean, Bûtenpost en De Westerein deselde lytsskalige wenfoarmen op te setten.