Debút Hauer op filmfestival

© Omrop Fryslân
It Noordelijk Filmfestival sil snein 9 novimber it filmdebút út 1956 fan de doe 12-jierrige Rutger Hauer sjen litte. Hauer makke syn debút yn 'e promoasjefilm 'Rust en Ruimte' fan 'e gemeente Skiermûntseach.
Yn 'e film is Rutger Hauer oan it ringstekken. Hy stekt mis, mar is sa handich dat er de amer mei wetter wit te ûntwiken. De opname mei Hauer is ûnderdiel fan in kompilaasjefilm mei âlde opnames fan 'e Fryske eilannen.