5 jier sel yn saak-Hietkamp

30 okt 2003 - 00:00

In 21-jierrige ynwenner fan Kollumerlân is ta fiif jier selstraf feroardiele foar de oerfal op Sibbele Hietkamp (85) fan Kollumersweach. Dat wie eksakt neffens de eask fan it Iepenbier Ministearje, twa wiken ferlyn. De 21-jierrige wie de haadfertochte yn 'e saak. Hietkamp waard op 6 desimber 2002 yn syn pleatske oerfallen en delstutsen. Hy rekke dêrby swier ferwûne en wurket noch altyd oan syn herstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)