Te min harkers foar HOS

30 okt 2003 - 00:00

De Heerenveense Omroep Stichting, de HOS, sit wer yn swier waar. Neffens in ûndersyk fan buro Intomart harkje te min minsken nei de lokale radio-omrop. B en W wolle no de jierlikse finansjele bydrage fan 20.000 euro stopsette.

Haadredakteur Jan de Vries is slim teloarsteld. Hy hopet dat de gemeenteried boargemaster en wethâlders weromfluitet. As dat net bart, sil Fryslân's âldste lokale omrop mooglik op 1 jannewaris foargoed ferstomje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)