Koart nijs

© Omrop Fryslân
De Haulerwykster dy't derfan fertocht wurdt dat er kafee-eigner Fokko Werkman fan de Haule ombrocht hat, bliuwt noch wer tritich dagen fêstsitten. Dat hat de Riedkeamer yn Ljouwert besletten. De man ûntkent dat er wat mei de saak te krijen hat.
De riedsfraksje fan de Ljouwerter PvdA wol dat de gemeente aksje ûndernimt foar de Gemeenschappelijke Kredietbank. De GKB hat it sa drok dat de tillefoan soms net mear opnommen wurdt.