'Hieren net massaal omheech'

© Omrop Fryslân
De provinsjale hierdersferiening De Bewonersraad is net benaud foar de plannen fan minister Dekker. Fan har meie wenningkorporaasjes de hier fan hierwenten yn 2005 flink ferheegje. Sa moatte der mear hierwenten frijkomme foar jongerein en minsken mei in smelle beurs, om't hierders mei hegere ynkommens dan in hûs keapje.
Neffens De Bewonersraad wolle wenningkorporaasjes krekt in miks hâlde fan hegere en legere ynkommens yn wiken.