Skarsterlân: ozb mei 11% omheech

30 okt 2003 - 00:00

De ûnreplik-guodbelesting yn de gemeente Skarsterlân giet takom jier definityf mei 11 prosint omheech. Dat hat de gemeenteried woansdei besletten. De OZB-belesting giet de kommende trije jier hieltyd mei 4 persint omheech.

Boargemaster en wethâlders diene earder it foarstel de OZB-belesting yniens te ferheegjen mei 22 prosint. Dat soe betsjutte dat de ozb foar in hûs fan 123.000 euro mei 52 euro omheech gean soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)