Autohannel op carpoolplakken

30 okt 2003 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen kin op dit stuit net optrede tsjin de hannel yn auto's op carpoolplakken. Dat bart bygelyks by de rotonde oan de westkant fan Bûtenpost en by de brêge Blauforlaet ûnder Stynsgea.

De gemeente wol der wat oan dwaan, mar hat dêr gjin juridyske mooglikheden foar. Miskien kin it yn de takomst wol: mei de nije saneamde Algemiene Pleatslike Feroardening is it mooglik stranger op te treden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)