Plysje ûnderskept pakket kokaine

© Omrop Fryslân
De plysje hat in postpakket mei kokaine ûnderskept yn Ljouwert. It pakket kaam út Súd-Amearika en is fia Schiphol en Noard-Brabân nei Ljouwert stjoerd. De trije bewenners fan it hûs dêr't de coke ôflevere waard, binne oanhâlden. It giet om in frou fan 54 jier en twa manlju fan 47 en 20 jier. Yn Noard- Brabân binne seis minsken oppakt.
De ûnderskepping en oanhâlding wiene al yn septimber en oktober, mar de plysje hat it no pas bekendmakke.