Bom yn Makkum?

30 okt 2003 - 00:00

Der leit mooglik in eksplosyf út de Twadde Wrâldoarloch ûnder de Oude Nieuwbuurt yn Makkum. De gemeente Wûnseradiel hat dêr melding fan krigen fan ynwenners. It gebiet wurdt nije wike ûndersocht troch de Explosieven-opruimingsdienst.

De Oude Nieuwbuurt wurdt op dit stuit opnij ynrjochte. It gebiet dêr't de bom mooglik leit, is ôfset. Neffens de gemeente is der gjin gefaar foar de omjouwing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)