Utstel betelling FanoFineFood

30 okt 2003 - 00:00

It bedriuw FanoFineFood út Easterwâlde hat fan de rjochter útstel fan betelling krigen. De slaadsjefabrikant kin de skulden net mear betelje, ûntstien troch fraude fan de eardere direkteuren. Dy binne yntusken ferfongen troch in ynterim-direksje.

Twa bewâldfierders besykje no mei de ynterim-direksje it bedriuw te rêden. By FanoFineFood wurkje 600 minsken, 250 fan har wurkje yn Easterwâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)