Dantumadiel laket om nij doarp

© Omrop Fryslân
De bewenners fan Dantumadiel sjogge net folle yn it plan fan 'e gemeente om in nij doarp te stiftsjen. De gemeente wol sa de mooglikheid skeppe om wenten foar starters, stinzen foar rike minsken en rekreative foarsjennings te realisearjen. De diskusjejûn yn De Westerein luts sa'n 100 minsken, dy't foaral hurd laken om it plan.
Neffens wethâlder Dantuma giet it net om in nij doarp, mar om wenten, wurk en foarsjennings foar Dantumadiel.