Kreakers bliuwe yn binerij

© Omrop Fryslân
De kreakers fan boekbinerij Scheepstra oan de Sudergreftswal yn Ljouwert meie foarearst bliuwe. Tiisdei krigen se te hearren dat se binnen 24 oeren it gebou út moasten, mar dat kaam troch in fersin fan de rjochtbank.
De plysje hat yntusken harren ferûntskuldigingen oanbean oan de kreakers. Ek hat der wer in petear west tusken de kreakers en de soan fan de eigner. Dy tinkt nei oer juridyske stappen tsjin de kreakers.