Ofbou skipskasko's yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Yn 'e haven fan Harns binne tiisdei twa grutte skipskasko's oankommen. De rompen binne makke yn 'e Oekraïne en Roemenië. De iene moat in grut autotransportskip wurde en de oare in coaster.
De kasko's wurde oerbrocht nei skipswerf Damen yn Burgum dêr't se ôfboud wurde sille. De oplevering stiet foar de ein fan dit jier pland. De skipsbou docht it de lêste tiid net sa goed yn Fryslân. Dit is in útsûndering.