Waarme Winternacht net fergees

© Omrop Fryslân
Besikers fan 'e Waarme Winternacht moatte tenei 5 euro yntree jaan. Oare jierren wie it evenemint op Aldjiersjûn noch fergees tagonklik. De gemeente betellet it feest no foar it grutste part sels om't it bedriuwslibben him as sponsor weromlutsen hat.
Boargemaster en wethâlders fine dat de de gemeente ferantwurdlik is foar in goed ferrin fan de jierwiksel. It jierlikse feest yn it FEC draacht dêrta by.