IIsspektakel yn FEC

© Omrop Fryslân
Net Thialf, mar it FEC is de kommende dagen it iispaleis fan Fryslân. Tiisdei is yn Ljouwert it spektakel 'Holiday on Ice' yn premjêre gien. In spesjale premjêre, want de ynternasjonale iisshow fiert har 60-jierrich jubileum en it FEC bestiet 40 jier.
It stik 'Celebration' is foar it jubileum sels oanpast mei in spesjale geheime gast. Fyftich keunstreedriders dogge oan 'e foarstelling mei. Oant en mei snein is de show fiif kear te sjen.