Doopjurk bliuwt yn Frysk Museum

29 okt 2003 - 00:00

De poppe fan prins Willem Alexander en prinses Máxima wurdt net doopt yn de jurk dy't yn it Frysk Museum leit. Earder moast it museum dêr noch wol rekken mei hâlde. De doopjurk, eigendom fan it Keninklik Hûs, is yn Ljouwert te sjen op in eksposysje oer kant.

De keninginnen Wilhelmina, Juliana en Beatrix hawwe de jurk oan hân, net foar de doop, mar foar in foto. Prins Constantijn en syn dochter Eloïse binne wol yn 'e jurk doopt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)