Hearrenfean - Telstar: 3 - 1

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean pleatste him tiisdei sûnder al te folle problemen foar de fjirde rûnde fan 'e Amstel Cup. Yn it Abe Lenstrastadion waard Stormvogels Telstar ferslein mei 3-1, troch ien doelpunt fan Gerald Sibon en twa fan Richard Knopper.
SC Hearrenfean wie dúdlik sterker as Telstar, dat noch wol even werom kaam yn 'e wedstriid troch 2-1 te meitsjen. Mar Knopper makke dêrnei al gau 3-1, en doe wie de wedstriid spile.