Mearderheid tsjin besunigings

28 okt 2003 - 00:00

In mearderheid fan de politike partijen yn Boarnsterhim fynt dat der net besunige wurde moat op de sêfte sektor. It giet dan om saken as it ûnderwiis, de bibleteken en it sosjaal-kultureel wurk yn de gemeente.

Moandei stimden yn de kommisje de PvdA, Gemeentebelangen en FNP tsjin dy besunigings. B en W wolle dêrmei it gat fan mear as in miljoen tichtsje dat der yn de gemeentebegrutting sit. op 11 novimber moat de ried der oer gear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)