Schulting bliuwt by Cambuur

© Omrop Fryslân
Assistint-trainer Jan Schulting bliuwt foarearst by Cambuur. De ôfrûne wike wie der sprake fan dat Schulting nei Emmen soe om dêr haadtrainer te wurden. Schulting hat lykwols tiisdei witte litten de oerstap net te meitsjen.
It bestjoer fan Cambuur is wiis mei it beslút fan Schulting. Yn desimber wurdt mei him oerlein oer in ferfolchkontrakt foar takom jier.